Iepenloft Opsterlân "de Lytse Prins" 4 juny

Iepenloft Opsterlân “de Lytse Prins” 4 juny
Actueel

In piloat is fêstrûn yn it bosk fan Opsterlân en ferdwaald yn it libben; hy sjocht troch de beammen it bosk net mear. Al dy gelearde, grutte minsken dy’t o sa goed wisten wat goed foar him wie doe’t hy noch bern wie, ha der foar soarge dat hy himsels folslein kwytrekke is.

En dan samar ynienen is dêr de Lytse Prins… flechte fan syn asteroïde mei de apebreabeammen en de moaie, mar o sa brekbere roas. Hy nimt de piloat mei op in reis troch de stjerren. Dêr moetsje se de folwoeksenen dy’t har op ien of oare manier altyd wer te spot meitsje. “Grutte minsken hâlde fan sifers, Wannear’st har ferstelst oer in nije freon, freegje se noait it wichtichste. Se sizze noait: hoe klinkt syn stim? Hokker spultsjes docht er it leafst? Sammelt hy flinters? Mar se freegje: Hoe âld is hy? Hoefolle broerkes hat er? Hoefolle fertsjinnet syn heit?  Dán pas fine se dat se him kinne”.

Op de planeet ierde slút de Lytse Prins freonskip mei in foks. En dit beestje fertelt him in hiel belangryk geheim: Kinst allinnich mei dyn hert goed sjen. Wat der wier ta docht, kinst mei de eagen net sjen. Hjirtroch wol de Prins wer nei hûs en set de weromreis yn. Tagelyk fynt de piloat himsels werom tusken de beammen fan Opsterlân.

De Lytse Prins wurdt in prachtige, muzikale foarstelling foar jong en âld. Gean mei op reis en ferwûnderje jim…

Rezjy: Elske Klooster   Tekst: Antoine de Saint-Exupéry; Fryske bewurking fan Bouke Oldenhof