Leny Dijkstra & Hiske Oosterwijk: "Taal op it spoar"

Leny Dijkstra & Hiske Oosterwijk: “Taal op it spoar”
Actueel

LENY DIJKSTRA, HISKE OOSTERWIJK – ‘TAAL OP IT SPOAR’

Alde fedette Leny en rising star Hiske – winnares fan it Concours de la Chanson Alliance Française 2017, treffe mekoar yn de Cees Bijlstra trein fan Arriva. Leny woe perfoarst op stap mei dizze trein dy’t de namme draacht fan har ferstoarne freon, komponist en begelieder wêr’t se sa lang mei wurke hat yn teater en foar radio en tv. Hiske stapt by tafal yn de Cees Bijlstra trein. Se fertelle en sjonge harren libbensferhaal mei selsspot en humor. Foar Leny rydt de trein achterút, werom nei alles wat wie en altyd bliuwt. Hiske rydt fol moed en energy foarút de ûnbestimde takomst yn. Mar hoe ûngelyk se ek lykje, se fine mekoar yn de muzyk fan Cees Bijlstra. It wurdt in meislepend ferhaal mei in sublime plot.

Zondag 15 december 2019 | 15.00 uur
€19,75 / Leden ’t Nut €17,75 (incl. consumptie)