Tryater: "Raze om Protters "Hear my, sjoch my!"

Tryater: “Raze om Protters “Hear my, sjoch my!”
Actueel

TRYATER – RAZE OM PROTTERS “HEAR MY, SJOCH MY!”

Yn it libben fan Doede is in soad feroare. Sûnt in pear wiken sit erthús, mei syn mem dy’t fersoarging nedich hat. Der is gjin plak mear foar him by de sosjale wurkpleats en syn passy foar de dowesport driget foar him ûnbetelber te wurden. Foar Doede is de maat fol. Hy komt yn aksje en easket in poadium: Hy wol tiid en oandacht foar sýn libben, foar wat hý wichtich fynt. Yn Raze om protters nimt Doede it publyk mei yn syn wrâld, yn syn dreamen, lâns de paden fan syn ûnfrede, iensumheid en langstmes. It is in stik oer ûnfrede, mar ek in stik fol humor en tragyk. It giet oer dy bûtensletten fiele, om’t it liket oft de wrâld net foar dy makke is. Tekst en regy: Eelco Venema. Spilers: Raymond Muller, Mads Wittermans, Aly Bruinsma en Sonia Zwolska.

Zaterdag 26 oktober | 20.15 uur
€ 19,75 | vrienden v Tryater €17,75 (Incl. consumptie)