
Bennie Huisman
event id: 26290
datum: zo 15 nov
sorteer datum: 20091115
subtitle: Dûnsje op ‘e tried
prijs: 10,00
tijd: 15.00
It binne minne tiden. Alles wurdt krapper, de wintersportfakânsje moat in kear oerslein, de âld auto ek noch in jier langer mei, it wetter stiet ús geregeld oant de knibbels ta en de âlvestêdetocht sil dit jier al wer net trochgean. Mar hjir is in prebaat middel om dochs mei in goed sin op bêd te gean. Grappige, moaie, oandwaanlike, aparte en nijsgjirrige lietsjes en ferhalen. Oer it libben sels, oer langst nei leafde en frijheit, oer reizgje en thúskomme, oer âlderdom en bernetiid, oer doe en no, oer sjongers en dichters. En it wurdt optsjinne mei moaie muzyk en mei de humor en relativearring dy’t sjonger en ferteller Bennie Huisman al jierren troch de tiid helpt. Corinne Staal stiet Bennie yn dit programma by mei sang en piano.www.benniehuisman.nl