
Fryske Trûbadoers UITVERKOCHT
event id: 28394
datum: Do 10 dec
sorteer datum: 20091210
subtitle: Reünie 2009 EXTRA CONCERT!
prijs: 20,00
tijd: 20.30
Noch ien twade kear sille de Fjouwer Fryske Trûbadoers op it poadium fan de Skâns op De Gordyk stean mei dit extra concert. Twa jier ferlyn ha Doede Veeman, Gurbe Douwstra, Jaap Louwes en Piter Wilkens, al op ôfskiedstoernee west. It tafal brocht de fjouwer kammeraden yn 2009 lykwols wer by elkoar. Sy ha no wol ôfpraat dat sneon 12 desimber definityf de lêste kear is dat dizze muzikale freonen as ‘de Fjouwer Fryske Trûbadoers’ op in poadium steane. En fansels wolle sy noch ien kear ‘flamme’, noch ien kear ek yn dizze gearstalling alles jaan, lykas dat sy dat ek dogge by harren solo-optredens. Mei in kar út de mienskiplike lieten, dy’t de fjouwer de ôfrûne jierren meiinoar skreaun ha. Mar ek mei dochs in stikmannich nije lieten en fansels in eigen kar út de moaiste lieten fan de solo-repertoires fan Doede, Gurbe, Jaap en Piter. Bekende lieten, mar miskien ek wol wat minder bekende nûmers. Yn de fiif jier dat de fjouwer op ’n paad west ha, is der fansels in grut tal lieten foar it fuotljocht brocht. De ‘hichtepunten’ binne noch ien kear te hearren.