
Freark Smink
datum: za 31 okt
sorteer datum: 20101031
subtitle: Zelle (Reprise)
prijs: 15,00
tijd: 20:30
Dûmny Zelle: in fanatyk sporter, in Spartaansk libjende man, in man dy’t him troch gjinien twinge liet, fiere famylje fan Mata Hari. As Zelle preke dan fieldest datst neat mear yn te bringen hiest. Men wist: hjir stiet de dûmny.
In bejubele foarstelling oer in aparte dûmny, mar ek oer in akteur, Freark Smink, dy’t yn de hûd fan dizze Zelle krûpt en witte wol wat dizze dûmny no krekt sein hat. En ek hoe’t it leauwen fan de akteur him yn de rin fan syn libben ûntwikkele hat.
Zelle (1907-1983) is berne yn Ljouwert en dêr is hy ek stoarn. Hy wie sân jier dûmny yn Rockanje. Dêrfoar en dêrnei preke hy oeral dêr’t er mar frege waard, soms wol fiif kear op in snein. Simmers yn ’e koarte broek op de fyts derhinne. In echte preektiger. Op de preekstoel groeide hy út ta in tongerjende preker oer hel en ferdommenis. De tsjerken sieten grôtfol. Hy preke mei in lûd oerhearskjende stim en as hy song, koest it oargel amper mear hearre. In hiel aparte dûmny!