
Tryater
datum: vr 21 jan
sorteer datum: 20110121
bestel url: http://mail.skans.nl/Website/ReCreateXWebSite/Ticketing.aspx?did=9a3bba1b-1ccc-426a-a9ff-4234d9db556d&event=13. TRYATER
subtitel: Drang
prijs: 13,50
cjpprijs: 10,00 alleen voor cjp
tijd: 20:30
It sil dy mar oerkomme. Op in dei stiet der in freondinne fan eartiids op ’e stoepe mei har hast-folwoeksen soan. Se beweart datsto de heit bist, de jonge is ferwekt op in feestje, stikem achter de boskjes. En no freget se dyn help!
Juliette en Wouter binne in echtpear fan hast sechtich, sûnder bern. Hy hat it kontakt ferlern mei syn tiid. Sy sjocht nei in slimme sykte mei skrik werom op har libben. As de freondinne mei har soan harren libben ynstapt, wurdt de rin fan it libben op ’e nij tsjin it ljocht holden en wurde leagens ûntmaskere. Komysk, bitter en leafdefol tagelyk.
Drang begjint dêr wêr’t it televyzjeprogramma Spoorloos ophâldt: hoe geane minsken mei elkoar om as se ûnferwachts wer by mekoar brocht binne. In foarstelling fol ûnmacht, dwazens, en nettsjinsteande grimmitigens, dochs leafde. Peter Tuinman regissearret dizze wrange komeedzje. Spilers binne Jan Arendz, Aly Bruinsma, Marijke Geertsma en Lourens van den Akker.
Voor meer informatie klik hier.